





|
Wenplak: Stiens E-Post: h.hoeve3@chello.nl Tillefoan: 058-2573447
FNP fia OSF yn de Earste Keamer De OSF - Onafhankelijke SenaatsFractie - is de feriening foar ûnôfhinklike provinsjale polityk. Sechstjin provinsjale ûnôfhinklike partijen, wêrby ek de FNP, wurkje dêr yn gear.
De Onafhankelijke Senaatsfractie is yn de Earste Keamer fertsjintwurdige troch senator Hindrik ten Hoeve, dy't fuort komt út de FNP. Sadat wy ek ús lûd yn Den Haach hearre litte kinne.
De OSF set him yn foar mear ynfoed foar de regionale politike belangen yn Den Haach. De OSF is dus in gearwurkingsferbân. De partijen dy't yn de OSF gearwurkje, wolle troch it mei inoar dielen fan ideeën, somtiden troch it mei inoar opsetten fan projekten en ek troch mei inoar yn de lannelike polityk (Earste Keamer) op te treden, sterker wurde. Better by steat wêze om op te kommen foar de belangen fan de ynwenners fan har provinsje.
De eigen webside fan de OSF is www.osf.nl. Jo kinne dêr fansels mear ynformaasje fine oer de eftergrûnen en de aktiviteiten fan de OSF en ek fan de dielnimmende provinsjale partijen. Fierder wurdt der troch de wittenskiplike stifting fan de OSF (Wetenschappelijke Stichting) in blêd útjûn, Locomotie, dat ek op ynternet te finen is onder www.locomotie.nl
En om te besluten, de OSF hat ek noch in eigen fraksjeside op www.eerstekamer.nl (sjoch ûnder: Kamerleden). Dêr is ûndermear de ynbring fan de senator yn de keamerdebatten te finen. |
