





|
Op 4 maart 2010 wurdt yn Brussel in grutte konferinsje hâlden oer taalferskaat (Linguistic diversity). Ien fan de sprekkers is Alex Riemersma fan Mercator út Ljouwert. De FNP, as ien fan de lidorganisaasjes fan de EFA, wol jo fan herten útnoegje om diel te nimmen oan de Konferinsje oer Taalferskaat: In útdaging foar Europa . Dizze konferinsje wurdt organisearre troch de fraksje fan de European Free Alliance yn it Europeeske Parlemint. |
De EFA, in groep eksperts op it mêd fan de sosjolinguistyk en Leden fan it Europeesk Parlemint sille stânpunten en ideeën útwikselje oer ûndersteande saken:
Talen sûnder steat: meartalich belied yn 'e Europeeske ynstituten (detaillearre foarbylden fan net-minderheidstalen mei in ko-offisjele status yn har lidsteat);
Foar it folsleine program kinne jo ûndersteande link oanklikke:
http://www.greens-efa.org/cms/default/dok/325/325496.language_diversity@en.htm
Wy wolle jo útnoegje om op dizze konferinsje te kommen. Dêrfoar moatte jo bygeand formulier ynfolje, graach sa gau mooglik (en leafst foar 22 febrewaris 2010).
Foar fierdere ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei:
Mar Juvinyà Castan
E-mail: mariadelmar.juvinacastan@europarl.europa.eu
Tel: 0032 2 28 41711 o 0032 471 62 28 08
