





|
![]() |
De FNP freget yn gearwurking mei de oare Fryske partijen Die Friesen en de SSW in moasje yn it Europeesk Parlemint te bringen oer de feiligens fan seekontainers op it Waad en de Noardsee. De partijen freegje harren EFA-Europarlemintsleden mei de moasje aksje te ûndernimmen.
De FNP makket him bot soargen oer it ferlies fan konteners, benammen as dy skealike of giftige ynhâld hawwe. As der ûngelokken mei sokke stoffen barre kin dat slimme gefolgen hawwe foar de ynwenners, it miljeu en it toerisme yn it Waadgebiet. De konteners binne lestich wer te finen at se ienkear oerboard slein binne. In GPS-lokaasje stjoerder is net ferplichte. De oanspraaklikheid by ûngelokken en om de boel wer op te romjen is ek net goed regele. Faak draait de lokale oerheid foar de kosten op mar wurde de autoriteiten net goed en net yntiids op de hichte brocht. De materialen dêr't de konteners op de skippen mei fêstset wurde, binne gjin kwaliteitseasken foar. De partij fynt dat nuver omdat foar konteners op frachtauto's wol rjochtlinen besteane.
De FNP, Die Friesen yn Niedersachsen en de SSW yn Sleeswyk-Holstein bepleitsje yn de moasje dat der ferplichte GPS-stjoerders op de kontainers komme. De GPS stjoerders hearre sawol de lokaasje as de ynhâld fan de konteners oan te jaan. Fierder soene de reders en ferladers oanspraaklik steld wurde moatte foar it opromjen fan de rommel as de ynhâld fan konteners op de kust oanspielt. De lokale autoriteiten moatte earder en better belutsen wurde, wêr nedich oer de steatsgrinzen hinne.
De partijen komme as lêste mei it fersyk om strange ynternasjonale rjochtlinen fêst te stellen foar it materiaal dêr't de konteners mei fêstset wurde op de skippen. Hjir is de lêste tiid in soad mei misgien.
|
Mear ynformaasje ?
Douwe Bijlsma, bijlsma@sis.fryslan.nl tillefoan 06-48586069 / 06-53520670 |
