Frysk
Nederlands
English
FNP
Frysk, grien én sosjaal!
Europa - Nijs

EFA: Fryslân streekrjocht fertsjintwurdige yn Europarlemint

Yn petear oer Fryslân mei Van Rompuy

De EFA, de Europarlemintspartij dêr't de FNP ek by sit, hat fan'e wike yn Brussel praat mei de nije foarsitter fan de EU, Herman van Rompuy. Yn it petear is troch de EFA nei foaren brocht dat Fryslân in fêste fertsjintwurdiger yn it Europeesk Parlemint krije moat. De partijpolitike kleur is net sa fan belang, stelt de FNP.

 

foto sybren   

' It wurdt tiid foar in Europarlemintariër út Fryslân, los fan hokfoar partij dan ek. '

 

Sybren Posthumus, bestjoerslid EFA-bureau yn Brussel foar de FNP 

 

Reaksje? Mail nei: sybrenposthumus@hotmail.com

 

 

Yn it petear fan de EFA mei Van Rompuy is oankaarte dat in hiel soad regio's yn Europa alhiel net fertsjintwurdige binne yn it Europeesk parlemint.  ('The lack of representation or even non-representation of minorities and stateless nations was mentioned being a democratic deficit in the EU'). De nije EU-presidint is ûnder oare te witten dien dat it net akseptabel is dat Fryslân hielendal net fertsjintwurdige is yn it Europeesk parlemint. Dêrtroch is de legitimaasje fan it Europeesk parlemint in stik minder en is der ek in demokratyske kleau tusken Brussel en Fryslân.

 

Om efkes in pear foarbylden te neamen:

Litouwen hat 12 EP-ers foar 3.555.000 minsken = 1 op 296.250 ynwenners.

Letlân hat 8 foar 2.230.000 minsken = 1 op de 278.750 ynwenners.

Estlân hat 6 foar 1.340.000 minsken = 1 op 233.333 ynwenners.

Cyprus hat 6 foar 789.000 minsken = 1 op 131.500 ynwenners.

Malta hat 5 foar 400.000 minsken = 1 op 80.000 ynwenners.

De Dútsktalige mienskip yn België hat (fêste) 1 EP-er foar 70.000 ynwenners.

En Fryslân mei 650.000 ynwenners hat net ien Europarlemintariër...

It foarbyld fan de Dútsktalige mienskip yn België jout oan dat EP-ers net perfoarst bûn wêze moatte oan in lidsteat, it kin ek in regio wêze. De FNP is wiis mei it opkommen foar de belangen fan Fryslân troch de EFA. It wurdt tiid foar in Europarlemintariër út Fryslân, stelt de FNP. En dan struktureel ien foar de 650.000 ynwenners, los fan hokfoar partij dan ek.

 


Werom




FNP Fryslan hyves
FNP Jongerein hyves