Frysk
Nederlands
English
FNP
Frysk, grien én sosjaal!
Organisaasje en leden - Nijs

FNP-Súdwesthoeke y.o.

Foar it blok, mar net bûtenspul !

De FNP-ôfdielings Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel hawwe tiisdei 26 jannewaris 2010 in nije ôfdieling oprjochte en dêrfoar in oerkoepeljend bestjoer keazen. Op in spesjale ledegearkomste yn Boalsert waard troch de foarsitters fan de fiif ôfdielingsbestjoeren en de foarsitter fan it haadbestjoer in yntinsjeferklearring ûndertekene om te kommen ta in nije ôfdieling. Dat mei it each op de weryndieling fan de fiif gemeenten dy't op 1 jannewaris 2011 yngean moat.

 

Hoewol't de FNP grutte beswieren hat tsjin dizze weryndieling en de wize sa't dy ta stân komt, wol de partij der klear foar wêze as it sa fier is. "De trein rydt wol troch en we moatte him net misse", sa seit foarsitter Durk Stoker fan it nije bestjoer. De leden wolle in sa sterk mooglike partij delsette yn de grutte gemeente. Der libbet altyd noch hoop dat de fúzje opkeard wurde sil, mar as it allegear trochgiet moat der in soad wurk ferset wurde. Dat kin net wachtsje oant it lêste momint. De ferkiezings binne yn novimber 2010.

 

Yn Boalsert waard ek de ôftraap jûn foar de aksje ‘Foar it blok, mar net bûten spul'. De kommende moannen sil in grutte FNP-enkête en in ledewinaksje holden wurde ûnder alle ynwenners fan de fiif gemeenten. De FNP hopet sa in goed byld te krijen fan de winsken en gefoelens fan de minsken yn de nije weryndielingsgemeente.

 

 Bestjoer SWH lyts    Foarsitters SWH en HB lyts
Nij bestjoer FNP SW-hoeke:

Rein Smit, Susan ten Kate, Anneke Feenstra,

Akke Hofstee en Durk Stoker.

Durk van Netten ûntbrekt op dizze foto.

 

De foarsitters:

Rein Smit, Susan ten Kate,

Jehannes Dykstra, Nynke Beetstra,

Henk Breimer en Meinte Bergstra.


Werom




FNP Fryslan hyves
FNP Jongerein hyves