Frysk
Nederlands
English
FNP
Frysk, grien én sosjaal!
Organisaasje en leden - Nijs

Nacht fan de Demokrasy

Taspraak FNP foarsitter Nynke Beetstra by de Nacht fan de Demokrasy, Koudum 28 jannewaris 2010

Nacht fan de demokrasy (oer de SWH-weryndieling)

 

 al nynke lyts    

Bêste Minsken,

 

Wy stean jûn stil by, sa liket it, in swarte bledside yn de demokratyske beslútfoarming. Mar der is noch hoop. Der is noch hoop dat de wiere demokrasy it winne sil yn dit weryndielingsferhaal. Moarn komt de Twadde-Keamerkommisje en der binne sinjalen dat dat om mear as in formaliteit giet. Dat by guon keamerleden de eagen in bytsje iepen gean, nei alle aksjes yn benammen Nijefurd en Wûnseradiel. Dat it ta harren trochdringt dat dit net in breeddroegen beslút is. Net yn de 5 oanbelangjende gemeenten en net yn provinsjale steaten.

 

Demokrasy betsjut letterlik: It folk regeart. Ien fan de fûnemintele eleminten fan in demokrasy is it stimrjocht. Elke dielnimmer moat de gelegenheid hawwe in stim oer in foarstel út te bringen. Mar jo kinne fansels net oer alle foarstellen it folk beslisse litte. Dêrom ha we om de fjouwer jier ferkiezingen om op dy partij en dy minsken stimme te kinnen dy’t yn har programma it bêste oanslute by ús eigen stânpunten. Foardat oer in tige yngripend punt as gemeentlike weryndieling besletten wurde kin, meie we dan ek net allinnich ferwachtsje, mar sels easkje dat de ynwenners de gelegenheid krije har op in earlike en demokratyske wize út te sprekken.

 

Hat dy mooglikheid der hjir west? Stie der fjouwer jier lyn yn de programma’s fan de ferskillende politike partijen dat se de kommende perioade de eigen gemeente Wûnseradiel, Wymbritseradiel, Nijefurd, Boalsert of Snits opheffe woene? Nee! Stie deryn dat se de kommende fjouwer jier oergean woene ta weryndieling? Nee! Lit stean dat der praat waard oer in weryndieling fan sa’n kolossale omfang dy’t fiergeande gefolgen hawwe sil, net allinnich foar jim, as ynwenners, mar ek foar de omlizzende gemeenten mei har gearwurkingsferbannen. Ja, foar hiel Fryslân.

 

De wet op de weryndieling easket beslútfoarming fan ûnderen op. Fan ûnderen op, al hast 50 jier ien fan de belangrykste útgongspunten fan de FNP en ek de namme fan de aksjegroep hjir yn Nijefurd dy’t mei Wûnseradiel Heryndeling Nee sa fûleindich striid leveret. Net tsjin weryndieling, mar tsjin dízze weryndieling en tsjin de wize sa’t dy syn beslach krijt. Sûnder dat de ynwenners har dêr fia ferkiezingen of in referindum oer útsprekke koene.

 

Foarstanners sille fansels sizze dat elk gelegenheid hân hat syn miening nei foaren te bringen op harksittingen, ynsprekjûnen en mei sjenswizen. Mar sokke lapmiddels tsjinje allinnich mar om de hannelwize fan de foarstanners te rjochtfeardigjen. Want it is mar in hiel lyts persintaazje fan alle ynwenners dat dêr gebrûk fan makket. Dat mei dus noait as represintatyf foar alle minsken presintearre wurde. Boppedat kin men fraachtekens sette by de objektiviteit fan ûndersiken dy’t oanjouwe dat dizze weryndieling needsaaklik is foar de takomst. Want yn dyselde ûndersiken stiet ek te lêzen dat de gemeenten sûn binne en earst noch wol selsstandich bestean bliuwe kinne.

 

Wêrom dan sa’n haast mei de beslútfoarming? De krityske sjenswizen binne yn razend tempo oan de kant skood, want oars koe de strakke planning net helle wurde om de weryndieling foar de folgjende ferkiezings oan de kant te hawwen. Itselde barde mei enkête-útkomsten en hantekenaksjes dy’t tsjin de weryndieling pleiten. It is skandalich dat de lokale demokrasy, dy’t it tichtst by de minsken heart te stean, it op dit punt ôfwitte lit. Dat de riedsleden fan benammen PvdA, CDA en VVD yn mearderheid achter har kolleezjes en har provinsjale en lanlike partijgenoaten oanrinne yn pleats fan de minsken dy’t op har stimd hawwe in earlike kâns te jaan har oer dizze yngripende en net werom te draaien beslissing út te sprekken mei de ferkiezingen of yn in referindum.

 

As FNP stelle we ús by weryndieling altyd earst de fraach ‘Wat is der mis mei dizze gemeente en as der dan wat mis is, wat is de oarsaak en wat is de bêste oplossing foar it probleem? Kinne de bestjoerders har taak wol oan en wurde de amtners wol goed oanstjoerd? Is gearwurking net in bettere opsje? Dan kin elke gemeente syn eigen bestjoer ticht by de boarger hâlde. As we nei de wrâld om ús hinne sjogge, wurde de negative gefolgen fan de skaalfergrutting hieltyd dúdliker. Sjoch mar nei it ûnderwiis en de soarch. Mar we leare der neat fan en we geane mar troch. De diskusjes geane noch te faak oer grutter groeien en jild en te min oer minsklike wearden en minsklike ferhâldings. It is tige dreech om de belangen fan yndividuele minsken goed te behertigjen yn grutskalige, ûnpersoanlike organisaasjes. It persoanlike kontakt rekket op ’e achtergrûn.

 

Kwaliteit sit him net yn de omfang. Der binne lytse gemeenten dy’t prima funksjonearje en finansjeel sûn binne, ek hjir yn de Súdwesthoeke. Ik soe it tal grutte gemeenten dat finansjeel yn swierwaar sit, lykas Amsterdam mei syn noard-súdlijn, de kost net jaan wolle. Sokke problemen hawwe neat mei de grutte fan de gemeente te meitsjen, mar foaral mei goeie bestjoerders en in goed amtlik apparaat.

Ik bin sels hikke en tein yn Warkum, doe noch gemeente Warkum. De berte fan de gemeente Nijefurd wie in swiere befalling mei in lange postnatale depresje. As Warkumer giet it my tige oan it hert dat dizze gemeente no wer op driget te gean yn in grutter gehiel. It is moai te sjen dat sels Warkumers en Koudumers no mei-elkoar stride foar it opkearen fan dizze fúzje.

 

Fan Underen Op en aksjefierders yn Wûnseradiel, petsje ôf! Jim binne deryn slagge de SWH-weryndieling op de Haachske kaart te setten. Ik slút trouwens net út dat we aanst noch ris nei it Binnenhof moatte. Om te striden tsjin opheffing fan ús provinsje Fryslân. It is in reëel gefaar dat ús fanút de lanlike polityk, fan boppen ôf dus, bedriget.

 

It is foar my as FNP’er, mar ik tink foar elk dy’t de demokrasy in waarm hert tadraacht, in tryste konstatearring dat we by dizze weryndieling ús hoop no festigje moatte op de dames en hearen út Den Haach. Dat ús fertsjintwurdigers yn dizze 5 gemeenten, mar ek deputearre steaten fan Fryslân mei de weryndielingsmisjonarissen John Jorritsma en Sjoerd Galema foarop, it net opbringe kinne serieus nei alle beswieren te sjen. Se hiene en hawwe mar ien doel: weryndiele fóár de folgjende ferkiezings. En se brûke allinnich dy arguminten dy’t har passe. In tunnelfisy neamt de kommisje Davids soks.

 

Minsken, út namme fan de FNP winskje ik jim noch in soad sukses mei jim rjochtfeardige striid. Wy hoopje dat úteinlik de wiere demokrasy de winner wurdt en dat it Haachske parlemint in stokje strykt foar dizze desastreuze weryndieling.

 

Koudum, 28 jannewaris 2010

Nynke Beetstra, foarsitter FNP


Werom




FNP Fryslan hyves
FNP Jongerein hyves