FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

FNP fiert 50-jierrich jubileum mei grut feest

Fotoferslach fan de Bûtenpleats yn Earnewâld

 

It wie sneon 14 jannewaris grut feest yn de Bûtenpleats yn Earnewâld. De FNP fiert dit jier syn 50ste jierdei, alle reden dus om breed út te pakken. Mar leafst sa'n 270 minsken seagen hoe't sterke man en FNP'er Wout Zijlstra de byienkomst iepene mei it swurd fan Grutte Pier.

 

Wout Zijlstra mei swurd 
 Sterke man Wout Zijlstra iepenet mei it swurd fan Grutte Pier
 

 Nynke Beetstra jubileumtaspraak
 Partijfoarsitter Nynke Beetstra hâldt har jubileumtaspraak
 

Fansels waard ek Pyt Kramer yn it sintsje set, mei syn neef Folkert Binnema yn 1962 oprjochter fan de FNP. Foarsitter Nynke Beetstra krige út hannen fan Wout Zijlstra it earste eksimplaar fan de Gouden Glimmer oanbean, it spesjaal makke jubileummagazine, mei in ryk ferskaat oan foto's, ynterviews, anekdoates en histoaryske feiten oer de FNP. Yn har taspraak wiisde Beetstra derop dat de FNP ek de kommende 50 jier breanedich bliuwt om foar it behâld fan Fryslân en it Frysk te striden. "Om foar te kommen dat Fryslân te'n ûndergiet yn de skaalfergruttingsideology fan Haachske machtspolitisy."

 

Nynke Beetstra gouden glimmer

 

  Partijfoarsitter Nynke Beetstra mei de Gouden Glimmer

 

 Pyt Kramer en Saapke Voolstra
 FNP jongerein foarsitter Saapke Voolstra en FNP oprjochter Pyt Kramer
 

Op it sympoasium "Identiteit: Krêft en Kâns!" giene de beide sprekkers professor James Kennedy en de Flaamske EFA-Europarlemintariër Frieda Brepoels yn op it begryp identiteit. In eigen regionale identiteit betsjut foar Kennedy gjin isolemint mar in kâns om de regio sterker te meitsjen yn de hjoeddeiske dynamyske wrâld. Foar Brepoels is it dêrby ek fan belang dat in regio de eigen taal yn stân hâldt, want neffens har ferdwynt mei de taal ek it folk. Yn de diskusje dy't nei de ynliedingen folge, murk FNP-deputearre Johannes Kramer noch op dat it by identiteit om in ‘thúsgefoel' giet.

 

 Jongste FNP lid yn buggy
 It jongste lid fielt him ek al thús by de FNP ...

 

FNP 50 jier resepsje 
 In soad gasten op de resepsje
 

Johannes mei Klaas 50 1  
 FNP deputearre Johannes Kramer en eminint lid Klaas Bruinsma

 

Nei it serieuze middeispart folge de ûntspanning mei in grut feest. Fansels mei iten en drinken, feestlike muzyk fan Wiltsje fan Peazens, kabaret oer en mei FNP'ers troch Jelle Bangma en tapaslike lieten troch Bauke van der Woude en syn kombo. Fansels waard ek by in slokje wol oer polityk praat, mar der waard ek in soad lake. Want in noflike sfear mei humor en relativearring heart likegoed by de FNP as it striden foar Fryslân, de Fryske mienskip en de Fryske taal en kultuer. 

 

Leden fermeitsje har 
De leden fermeitsje harren
 

Klik hjir foar noch folle mear foto's 

 

FNP 50 JIER Logo 

Foto's mei tank oan Lútzen Jongema en Nynke Beetstra

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân yn it Frysk
FNP Fryslân in het Nederlands
FNP Fryslân in English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling