FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

FNP: 'Ynwenners baas oer takomst eigen gemeente'

Oerlis FNP politisi en bestjoerders

Nynke Beetstra     

De ynwenners moatte yn alle gefallen de mooglikheid hawwe om har út te sprekken oer de takomst fan har eigen gemeente. De bêste en meast demokratyske gelegenheid binne dêrfoar de earstfolgjende reguliere gemeenteriedsferkiezings yn maart 2014.

 

Nynke Beetstra, partijfoarsitter

 

Reaksje? Mail nynke.beetstra@fryslan.nl

 

 

Dat is de konklúzje nei in oerlis tusken de provinsjale en gemeentlike politisy en bestjoerders fan de FNP,  ôfrûne wykein. It haadbestjoer hie de partij byelkoar roppen om meielkoar fan gedachten te wikseljen oer it rapport ‘Visie lokaalbestuurlijke inrichting Noord-Fryslân' dat yn desimber ferskynde. De útkomst fan de jûn wie dat it net sa wêze kin dat de ynwenners har net útsprekke kinne oer de takomst fan har eigen gemeente. De FNP-riedsfraksjes wurde oantrune om dat stânpunt fia de gemeenterieden yn te bringen, as dêr de fisy fan DS te praat komt. Lykas bekend hawwe gemeenten oant 1 april de tiid om dêrop te reagearjen.

 

Skaalfergrutting moat gjin doel op himsels wurde, want grutter is lang net altyd better. Foar de FNP is de earste fraach altyd: hoe kin de gemeente syn wurk better dwaan? Dúdlik waard dat de gemeenten yn ferskillende fazes fan it proses op wei nei de takomst sitte. Ek de oplossingen dy't de gemeenten foar stean, rinne nochal útelkoar. Sa wol de iene gemeente selsstannich bliuwe mei in passende oplossing foar de problemen dêr't se tsjinoan rinne, wylst in oarenien gearwurkje of weryndiele wol. By alle mooglikheden stelt de FNP as betingst, dat de ynwenners har útsprekke kinne moatte. Fan ûnderen op dus. Dat moat kinne by de gemeenteriedsferkiezings of troch in referindum.

 

De foarming fan de gemeente Súdwest-Fryslân hat sjen litten dat de ynwenners nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2006 ferrifele binne troch de weryndielingsplannen fan de gemeentebestjoerders. Weryndieling wie gjin tema by dy ferkiezings doedestiids. Mar de boargers koene net earder har stim útbringe as neidat de foarming fan de nije mega-gemeente in feit wie. Soks moat net wer.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân yn it Frysk
FNP Fryslân in het Nederlands
FNP Fryslân in English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling