FNP Fryslân
Organisaasje - kontakt - Nijs

'Plasterk hat lak oan miening boargers'

Frijbûtser fan febrewaris no online

Nynke Beetstra   

'Minister Plasterk fan Ynlânske Saken ropt op (Volkskrant 24 jan 2013) om op te hâlden mei synisme oer lânsdielen en supergemeenten. Hy giet der fan út dat de boarger mar ien ding wol: in effektyf bestjoer. Begripen as tichtby de boarger, identiteit en persoanlik kontakt hat dizze westerling gjin boadskip oan. Hy slút de eagen foar mislearringen fan de skaalfergrutting yn it ûnderwiis en de soarch en ûntkent dat fúzjegemeenten oer it generaal djoerder út binne.'

 

Nynke Beetstra, partijfoarsitter

Reaksje? Mail nynke.beetstra@fnp.nl

 

Yn de Frijbûtser fierder in fotoferslach fan de tige slagge nijjiersgearsit op'e Lemmer. Dêryn omtinken foar Sustainable Winners út Harich dy't de FNP-miljeupriis krigen en winner Hendrik Boonstra fan de Sulveren Fyts. Ultsje Hosper fan Oerterp hat him kandidaat steld foar it foarsitterskip fan de FNP. De aksjes by de ôfsluting fan it 50-jierrich bestean fan de FNP krigen rûnom yn Fryslân omtinken.

 

FNP deputearre Johannes Kramer praat ús by oer wat hy docht om de tsjinstregeling fan Arriva foar de lytse doarpen en de skoalbern te ferbetterjen. De Steatefraksje docht ferslach fan de slagge FNP-aktiviteit op it Provinsjehûs op 21 jannewaris. Annigje Toering leit yn in opinystik út dat de FNP noch altyd tsjin de 4-baans Sintrale As is, mar dat de nommen besluten yn de Steaten net werom te draaien binne.

 

Ek yn dizze Frijbûtser: in wiidweidich portret fan de FNP-ôfdieling It Hearrenfean.

 

 

Klik hjir nei de Frijbûtser fan febrewaris



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân yn it Frysk
FNP Fryslân in het Nederlands
FNP Fryslân in English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling