Wêr kinne jo as FNP-lid op rekkenje?
Sprek- en stimrjocht op ledegearkomsten.
As FNP-lid kinne jo jo persoanlike miening oer politike fraachstikken
nei foaren bringe op FNP- ledegearkomsten (provinsjaal en gemeentlik).
De ledegearkomsten binne it heechste beslútfoarmjende orgaan yn de FNP.
Yn dy gearkomsten wurdt ûnder oaren it FNP-program fêststeld. Yn dat
program wurde de politike útgongspunten en doelen fan de FNP fêstlein.
Troch jo stim op ledegearkomsten hearre te litten hawwe jo dus
streekrjocht ynfloed op it belied fan de FNP!
Yn de provinsjale ledegearkomsten wurde de leden fan it haadbestjoer keazen. Dêr wurde ek de kandidaat-steateleden oanwiisd.
De Frijbûtser
7 kear jiers krije jo it partijblêd ‘Frijbûtser’.
Wat kostet it lidmaatskip?
Kontribúsje
Ien kear jiers krije jo in akseptgiro fan de ponghâlder mei it fersyk de kontribúsje te beteljen.
De gemeentlike FNP-ôfdielings krije 20% fan jo bydrage. Mei ferkiezings
krije jo ornaris nochris in fersyk om in frijwillige bydrage foar it
ferkiezingsfûns.
Kontribúsje en oare jeften oan de FNP, kinne jo ôflûke fan jo belêstbere ynkommen.
De minimum kontribúsje is € 24,50 yn 't jier. Foar húsgenoaten (it 2e
lid yn ien gesin) en leden jonger as 27 jier jildt in minimumbydrage
fan € 13,00 yn 't jier. Dy bedraggen jilde foar 2009. De kontribúsje
wurdt jierliks op basis fan de ynflaasje oanpast.
Minsken dy't dy bydrage net misse kinne, kinne fan de ponghâlder tastimming krije om minder te beteljen.
De FNP giet hoeden om mei jo persoansgegevens en jout se net troch oan tredden.
No Fergees: Fryske staveringskursus
De FNP organisearret elk jier foar syn leden
in AFUK-staveringskursus. As jo lid wurde, krije jo ek fergees de
kursus oanbean! Op it formulier hjirûnder kinne jo by 'opmerkings'
oanjaan oft jo dêr wol of net gebrûk fan meitsje wolle.
Oanmelde kin fia ûndersteand formulier:
* ferplichte fjilden