Frysk
Nederlands
English
FNP
Frysk, grien én sosjaal!
Provinsjale Steaten - Nijs

FNP freget debat REC Omrin oan

Ynterpellaasje yn Provinsjale Steaten 10 febrewaris

De FNP is tige wiis mei it beslút fan de Rie fan Steat om de miljeufergunning foar in REC yn Harns te ferneatigjen. De provinsje hat dizze miljeufergunning oan Omrin ferstrekt. It docht bliken dat de skealike gefolgen te min ûndersocht binne. De FNP is foaral bliid om't no dúdlik wurden is dat de tsjinstanners yn it gelyk steld binne. Wit hoe faak hat de FNP frege nei de skealike gefolgen foar de ynwenners en de soargen dy't der yn de streek libben.

 

De FNP hat in ynterpellaasjedebat oanfrege om de deputearre ter ferantwurding te roppen. De fraksje wol fan de deputearre witte wêrom't er altyd folholden hat dat de miljeufergunning genôch garânsje jout foar de omwenners. En wêrom't er de soargen dy't der libje net better meinaam hat yn de miljeufergunning.

 

Troch ferskate partijen is de deputearre wiisd op it feit dat de miljeufergunning net foldie oan alle sûnensaspekten en dochs hat de deputearre dêr net nei harkje wollen. It seit nochal wat dat der op sa'n soad aspekten tekoartkommings konstatearre binne troch de Rie fan Steat. ‘Foaral op it mêd fan de risiko's hat de provinsje it nochal sitte litten en dat is nuodlik want it giet wol om de sûnens fan de omwenners,' sa seit wurdfierder Pytsje de Graaf.

 

De FNP is foaral ek bliid foar de Stichting Afvaloven Nee, stichting Natuur en Milieu en de Waddenvereniging dy't yn harren gelyk steld binne. Foar de FNP wie en is it dúdlik. De REC is oerstallich en hoecht der net te kommen!


Oanhingsel(s):
Te Gast LC 15 jan 2010 - Woe de provinsje de REC te graach?

Werom




FNP Fryslan hyves
FNP Jongerein hyves