





De FNP Steatefraksje komt mei in yngripend útstel om foar 106,7 miljoen euro te skrassen yn it provinsjale programma Ferkear en Ferfier. De plannen foar in spoarline Hearrenfean-Grins, de 4 baans fariant fan de Sintrale As en de Rûnwei Garyp soene sneuvelje moatte. Yn ruil soene de Sintrale As gemeenten gjin bydrage mear hoege te leverjen. Sa komt der jild frij om de tasizzingen by oare projekten lykas Noardwesttangent en N381 nei te kommen.
![]() |
Marten van der Veen: 'Yngripende maatregels binne nedich'
Reagearje?
Mail nei: m.vdveen@sis.fryslan.nl |
|
Troch de Sintrale As te fersoberjen, net mear 4-baans oan te lizzen en de Rûnwei Garyp ferfalle te litten komt € 39,5 miljoen frij, sa docht bliken út de stikken. De FNP wol dit weistreekje tsjin de bydrage (€ 36 miljoen + rinte) dy't de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel leverje soene oan in 4-baans autowei. Mear as earder is ek it foarútsjoch fan krimp in argumint dat in 2-baans fariant foldwaande is. Foar de oanlis fan dizze lêste fariant is it ek net mear as logysk dat de bydragen fan de gemeenten ferfalle kinne, lykas by de N381 ek net bydroegen wurdt, seit Van der Veen. Mei de hjoeddeistige perspektiven fan besunigingen troch it Ryk is it feitlik in foardiel dat de gemeenten fan sa'n finansjele molenstien ôfkomme kinne.
