





Johannes Kramer
Foarsitter FNP Steatefraksje
|
It soe te maklik wêze en lis de opmerking fan Rendert Algra, dat Friezen te faak en te folle protestearje, neist ús del as de safolste oprisping fan in Twadde Keamerlid op syk nei in cause célèbre en in plak ûnder de mediasinne. Benammen ek om't sok sizzen wol ris faker by Fryske CDA-ers te fernimmen is. Is it praat fan Algra in losse flodder of ek wier de fisy fan it Fryske CDA?
Reagearje? Stjoer my in berjocht op kramer@sis.fryslan.nl |
Op himsels beskôge is net goed yn te sjen wat Algra no krekt beëaget mei syn sizzen.
Minsken dy't protestearje nimme ommers sels net de besluten of dogge de rjochterlike útspraken. Dat dogge oaren foar har, yn de regel folksfertsjintwurdigers, bestjoerders en rjochters. Dat de Rie fan Steat de miljeufergunning ferneaticht, leit him dôchs net oan de Stifting Afvaloven Nee? De provinsje hie gewoan better syn wurk dwaan moatten.
As Algra fynt dat sokke protesten skea dogge oan it gruttere algemien belang, dan moat hy de bestjoerders yn dit lân kwea ôfnimme dat hja harkje nei de befolking. As de bestjoerders dat saneamde gruttere belang mar goed foar eagen hâlde, dan helje dy protesten ommers neat út?
Mar blykber is Algra benauder foar protestearjende boargers dan oertsjûge fan de krêft fan syn eigen arguminten. Want it binne allegear punten dêr't Algra sels o sa foar is.
De ynhâldlike argumintaasje fan Algra doocht al likemin. Wêrom soe in protest tsjin de JSF direkt ien op ien liede moatte ta it sluten fan in fleanbasis? Jo meie der dôchs fan út gean dat it parlemint op basis fan in bredere belange ôfwaging bepaalt hokker fleanbasis iepen of ticht giet. Wêr't it om giet is dat boargers wolle dat in oerheid him hâldt oan syn eigen foarskriften as it giet om lûdsoerlêst.
Oangeande de Sintrale As docht Algra foarkommen al soe it dêr no achter Burgum in jungle wêze mei maksimaal 40 kilometer op ‘e buorden. Dat is in karikatuer en makket dúdlik dat Algra him net besaut oer hoe't de feiten der wurklik hinne lizze.
It jout te tinken as in politikus fan de grutste regearingspartij seit dat boargers net protestearje meie of nei de rjochter stappe, om't hja dêrmei it hegere belang yn ‘e kiif stelle. It is krekt oarsom. Der is noch in heger belang as it streekrjochte belang fan de saak dêr't minsken tsjin protestearje, nammentlik dat ús demokrasy net folslein is sûnder dat boarger har miening kenber meitsje kinne en harren rjocht helje by in ûnôfhinklike rjochter.
Sa grut tocht Algra yn 2006 oars sels ek net doe't hy in skeel hie mei de gemeente Hearrenfean om't hy him net oan de jildende bouregels hold. Hy protestearre publikelik, tsjinne beswierskriften yn en stapte sels ek nei de rjochter.
Lykwols stiet it sizzen fan Algra net op himsels. Al earder hat deputearre en CDA listlûker Sjoerd Galema him negatyf útlitten oer belangegroepearrings as it Fryske Gea en de Fryske Miljeufederaasje. Hja soene op kosten fan de belestingbeteller de oerheid mar dwers sitte. En yn novimber noch besocht it CDA yn de Steaten alfêst it Fryske Gea noch mear jild te ûntfytmannen dan dat it Gea al ynlevere moast. Dat is op himsels opfallend om't it CDA oars neat tsjin in sterk maatskiplik middenfjild hat. Fakbûnen, tsjerken en oare maatskiplike organisaasjes koene by har altyd op in waarm ûnthaal rekkenje.
It soe dêrom goed wêze as it Fryske CDA ôfstân naam fan it sizzen fan Algra en dúdlik makket dat elts yn dit lân, sa lang as hy him oan de regels hâldt, him op dyselde regels beroppe mei om syn miening te uterjen of in beslút juridysk oan te fjochtsjen.
Dit stik is earder ferskynd as Te Gast yn de LC fan 3 febrewaris 2010
