Frysk
Nederlands
English
FNP
Frysk, grien én sosjaal!
Stanpunten program - Wetterskip 2008-2012

FNP Programma Wetterskip 2008-2012

Wetterskip, goedkeaper en better !

Ynlieding

Wetterskip Fryslân is in behears- en útfieringsorganisaasje dy't ferantwurdlik is foar de feilichheid, de wetterkwaliteit en wetterkwantiteit. It Wetterskip wurket binnen it beliedsramt dat fêstlein is yn it provinsjaal Wetterhúshâldingsplan, it Streekplan en it provinsjaal Miljeubeliedsplan. Dy plannen wurde fêststeld troch de Steaten fan Fryslân. Dat is ek de reden dat de FNP fan betinken is dat it wetterskipsbestjoer opgean kin yn it provinsjaal bestjoer. De nije Wetterwet giet lykwols út fan in wetterskip as in keazen bestjoersorgaan. Om dochs ynfloed út te oefenjen hat de FNP besletten mei te dwaan oan de ferkiezings fan it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

FNP-beliedsprogram 2007

Skjin wetter en droege fuotten
Fryslân is foaral wetterlân. In protte wearden fan Fryslân binne bûn oan it wetter, de marren, de fearten, de polders en it Waad. Mei it feroarjen fan it klimaat krijt it wetter in hieltyd wichtiger plak, sawol foar de natuer as foar ússels. Skjin wetter en droege fuotten binne foar de FNP útgongspunt.
De klimaatferoaring is in feit. Wy moatte no te set oer de fraach hoe't we dêrmei omgeane. De gefolgen moatte mei faasje yn kaart brocht wurde. Der sil mear wetter komme. Yn de romtlike en ekonomyske ynrjochting fan Fryslân moatte we dêr rekken mei hâlde. Der moat mear mealkapasiteit komme om ek op termyn droege fuotten te hâlden. It peilbehear moat dynamysk wurde. Om dat te berikken is in linich peilbehear nedich en foldwaande mealkapasiteit fereaske. De behearsking fan de wetterhúshâlding wurdt ûnder oaren troch in ekstra gemaal yn de hân holden.

 

Feiligens foar mins en bist
De see- en Iselmardiken binne net op hichte neffens de takomstige ferheging fan it seenivo. Dêr sil de Provinsje op koarte termyn aksje op ûndernimme moatte.

 

FNP-útfieringsprogram ferkiezings Wetterskip Fryslân 2008

Wetterskip Fryslân is ferantwurdlik foar it behear en it útfieren fan taken op it mêd fan feiligens en wetterhúshâlding sawol wat de kwantiteit as wat de kwaliteit oangiet. De FNP is fan miening dat der yn it ljocht fan it ‘wetterskip as in doelmjittige, effektive en saakkundige organisaasje' in goede analyze komme moat fan dûbel wurk wat bestjoer, belied en kosten oangiet.

 

Hoe sjocht de FNP de organisaasje Wetterskip Fryslân?

In tsjinstferlienende organisaasje ticht by de boarger, goed berikber en mei in fanselssprekkend plak foar it Frysk. Referearjend oan de taalkêsten fan de Algemiene Wet Bestjoersrjocht (AWB) falt ek it wetterskip as selsstannich bestjoersorgaan ûnder de wetlik regele rjochten en plichten wat it brûken fan it Frysk oangiet.
Slachfeardige útfierende en behearende organisaasje mei kennis fan saken dy't tsjin sa leech mooglike maatskiplike kosten syn taken sa effektyf en doelmjittich mooglik útfiert.
Kennisynstitút yn tsjinst fan de mienskip, dat kennis tapast en ûntwikkelet yn 'e mande mei oare oanbelangjende ynstânsjes/bedriuwen.
Fergunningferliener mei in flotte behanneling fan de oanfragen.

 

Wat is de FNP-fisy op de taken fan Wetterskip Fryslân?

Feiligens

Feilige seediken binne foar mins en bist fan libbensbelang. It feilichheidsplan foarmet dêr in goede oanset ta. It is dêrom fan grut belang dat:
• see- en Iselmardiken op de koartst mooglike termyn op hichte brocht wurde, it Ryk sil dêrfoar foldwaande jild beskikber stelle moatte;
• it wetterskip de mooglikheden fan kustbeskerming bûtendyks yn byld bringt troch bygelyks fierdergeande kwelderfoarming;
• de mooglikheden fan it ynsetten fan jilden út it Waadfûns sa gau mooglik yn kaart brocht wurde.

Wetterkwaliteit
Mins, bist, natuer en ekonomy kinne net sûnder foldwaande skjin wetter. Om't mar 2% fan it wetter op 'e wrâld swiet is, moatte wy dêr sunich mei omgean. Der kin noch in protte berikt wurde troch de ôffier fan rein- en ôffalwetter te skieden. Djippere en bredere sleatten mei skeane talúds befoarderje plantegroei en skjinner wetter, mei mear kânsen foar de natuer. Tagelyk freget dat minder ûnderhâld en kin mear wetter burgen wurde. De FNP set him yn foar:
• maatregels dy't bydrage oan skjinner wetter: sokke maatregels moatte befoardere en beleanne wurde;
• it yn oerlis mei gemeenten sa gau mooglik sanearjen fan de rioeloerstoarten;
• it ôffieren fan skjin reinwetter troch de poldersleatten en net troch it rioel;
• bredere en djippere sleatten;
• skjin wetter troch it oanplantsjen fan reidseamen.


Wetterhúshâlding/-kwantiteit
Fanwege klimaatferoarings sil de wetterhúshâlding fan Fryslân oanpast en op oarder brocht wurde moatte. De FNP giet út fan de folchoarder: ôffiere, fêsthâlde en bergje. De ferwachting is dat perioaden fan swiere buien en droechte mear foarkomme sille. Rappe ôffier en foldwaande foarried fan wetter sil rûnom yn Fryslân oanwêzich wêze moatte. De FNP set dêrom yn op:
• droege fuotten troch in linich peilbehear en foldwaande mealkapasiteit û.o. troch in gemaal by Lauwerseach;
• mei it meallen ynspylje op ûngeunstige waarsfoarútsichten mei de ferwachting fan in soad wetter;
• rûnom beskikbere ûnbeboude polders dy't by need folrinne kinne mei tarikkende fergoedings foar eigners en hierders fan dy grûn;
• mear bredere en djippere fearten en sleatten om mear wetter bergje en fluch ôffiere te kinnen;
• ûndersyk yn oerlis mei wetterynstituten (bygelyks Wetsus) nei tûke kombinaasjes fan wetterôffier en duorsume enerzjy;
• it by ynrjochtingswurken praktysk kombinearjen fan lânbou, natuer en rekreaasje;
• as it mooglik is, it wer op boezempeil bringen fan ôfkeppele opfearten;
• it optimalisearjen fan it peilbehear, peilbehear op maat;
• fiskfreonlike gemalen en fiskfreonlike ferbiningen tusken polders en boezem;
• it wetterskip sil net meiwurkje oan it oplossen fan de ûnomkearbere gefolgen fan it winnen fan gas en sâlt;
• fergoedzjen en tefoaren kommen fan skea oan wenten as gefolch fan peilferoarings.

Bestjoer
It wetterbelied wurdt troch de Steaten fan Fryslân fêstlein yn it Provinsjaal Wetterhúshâldingsplan, it Wetterskip Fryslân is ferantwurdlik foar de útfiering dêrfan. Dêrnjonken hat it Wetterskip as taak de soarch oer en it behear fan it wettersysteem (peilbehear, wetterkearingen, keunstwurken en gemalen) en it suverjen fan it ôffalwetter. De Provinsje makket it belied en hat de rol fan opdrachtjouwer. It Wetterskip is útfierder en behearder en spilet de rol fan opdrachtnimmer. It bestjoer kin dêrmei ek allinnich rjochte wêze op de funksjonele taak fan Wetterskip Fryslân. Foar de FNP is it ûnderskie tusken belied en útfiering skerp en dúdlik. De partij wol it folgjende optimalisearje:
• it trochljochtsjen fan de wetterskipsorganisaasje rjochte op it tefoaren kommen fan dûbel (belieds)wurk;
• it skrassen fan oerstallige bestjoerskosten;
• it ferbetterjen fan de tsjinstferliening oan de boarger;
• in fanselssprekkend plak foar it Frysk.

 





FNP Fryslan hyves
FNP Jongerein hyves