Frysk
Nederlands
English
FNP
Frysk, grien én sosjaal!
Earste Keamer

De FNP yn de Earste Keamer

OSF logo     

 

Lanlike ynfloed regionale partijen
De leden van de Provinsjale Steaten yn Nederlân kieze de leden fan de Earste Keamer. De FNP wurket gear mei oare regionale en lokale partijen. Hja binne ferienige yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie). FNP-er Hindrik ten Hoeve is de Senator fan de OSF. Sadat wy ek ús lûd yn Den Haach hearre litte kinne.

 

 

Missy en fisy fan de OSF 

De kwaliteit fan libjen yn en om doarp en stêd is it útgongspunt foar ús dwaan en litten. Der is gjin ideology, gjin bining mei hokker politike streaming dan ek: lokale begjinsels binne liedend. Op nasjonaal nivo wurdt dêr mar al te maklik oer hinne wâlde. Gemeentlike weryndielingen, anneksaasjes en grutskalige projekten as de Betuwerûte wurde fan boppe ôf oplein. Sûnder respekt wurde lokale mienskippen út it lykwicht helle of fernield. Sokke polityk rint út op in ûnfeilige, ûnwerkenbere, ûnbewenber wurdende mienskip dy't as los sân oan elkoar hinget. Jo taastbere regionale belang is ynspiraasjeboarne foar ús hanneljen yn de nasjonale polityk.

 

 

OSF foar ûnôfhinklike provinsjale polityk 

De OSF - Onafhankelijke SenaatsFractie - is de feriening foar ûnôfhinklike provinsjale polityk.
Provinsjale ûnôfhinklike partijen wurkje hjir yn gear. De OSF makket him sterk foar polityk op pleatslik nivo: pleatslike partijen foar de gemeenterieden, lanlike foar lanlike polityk en yn de Steaten fan de Provinsjes de provinsjale partijen. De partijen yn de OSF wolle troch it dielen fan ideeën en it dwaan fan ûndersyk en projekten sterker wurde. Better by steat om op te kommen foar de belangen fan de ynwenners fan harren provinsje.

 

 

Mear fasiliteiten foar ûnôfhinklike partijen troch de OSF
De "Onafhankelijke Senaatsfractie" is sûnt 1995 (earst als Regionalen/De Groenen) yn de Earste Keamer fertsjintwurdige, fia senator Marten Bierman (1995-2003), en sûnt 2003 troch senator Hindrik Ten Hoeve.

In wichtich OSF-súkses foar de ûnôfhinklike beweging is dat op inisjatyf fan ús fraksje yn de Earste Keamer (doetiidsk senator Bierman) de fasiliteiten foar de OSF deselde wurden binne as dy fan partijen dy't yn de Twadde Keamer sitte.  

 

 

Wittenskiplik buro en radio / TV stjoertiid
Yn de praktyk betsjut dit dat der sûnt in tal jierren subsydzje is foar wittenskiplik ûndersyk en oplieding fan de oansluten regionale partijen. 
Lyksa is der troch it krewearjen fan de OSF- fraksje tillevysje- en radio stjoertiid kommen: de OSF docht mei oan de stjoertiid foar politike partijen by de publike omrop. De OSF stelt dizze stjoertiid beskikber foar oansluten regionale partijen. 





FNP Fryslan hyves
FNP Jongerein hyves