





Wat is de EFA?
De EFA is in Europeeske politike partij dy't mei 7 minsken fertsjintwurdige is yn it Europeesk parlemint. Dy 7 parlemintariërs komme respektivelik út Skotlân (2), Wales, Baskelân/Kataloanje/Galisië (kombinaasje-parlemintslid), Flaanderen, Korsika en Letlân. De EFA as partij bestiet út hast 40 partijen dy't yn 13 EU-lidsteaten fertsjintwurdige binne. 7 fan dy politike partijen sitte yn it regearing yn har lân. De FNP wie yn 1981 ien fan de partijen dy't de EFA oprjochte hawwe en is sûnt ien fan de konstante faktoaren west foar de partij. Nijsgjirrich te fermelden is dat troch aktive ynbring fan de FNP no ek twa Fryske politike partijen yn Noard- en East-Fryslân (Dútske steat) warber wurden binne yn EFA-ferbân. Dat binne de SSW (Sleeswyk-Holstein) en Die Friesen (Ost-Friesland).
![]() |
Kontaktgegevens EFA:
EFA, European Free Alliance (Europeeske Frije Alliânsje), |
De webside fan EFA youth is: http://efayouth.nireblog.com.
Kontaktpersoan foar de FNP-jongerein mei EFA-youth is Saapke Voolstra, svoolstra@gmail.com.
De FNP is net allinnich lid, mar ek frijwat aktyf yn 'e EFA. Dêrfoar hat de FNP in eigen EFA-FNP-kommisje yn it libben roppen (sjoch op www.fnp.nl by Organisaasje en leden - kommisje E.F.A.) Saken dy't yn Fryslân spylje en dy't yn 'Brussel' oankaarte wurde moatte, kinne wy hiel fluch fia de EFA yn it Europeesk parlemint bringe. Tink oan eilânproblematyk, Europeeske oanbestegings, beskerming fan taal of it ljipaaisykjen. Alle jierren is de FNP mei in stikmennich minsken oanwêzich by it jierlikse kongres mei ledegearkomste fan de EFA, alle kearen wer yn in oar lân (lêste jierren Baskelân, Kataloanje, Fenetië).
Dêrneist is de FNP streekrjocht yn it bestjoer (Buro) fan de EFA fertsjintwurdige troch Sybren Posthumus. Dêrtroch kinne wy ek tuskentiids de kontakten waarm hâlde en ynfloed hawwe op Europeeske beslútfoarming.
Kontaktgegevens fan Sybren Posthumus: mail sybrenposthumus@hotmail.com of tillefoan 0566 - 602928.
