Frysk
Nederlands
English
FNP
Frysk, grien én sosjaal!
Organisaasje en leden

Organisaasje en leden

 Wurkbesite Achtkarspelen 2009  

Kontakt FNP:

 

Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034

8900 VB Ljouwert
Tillefoan: 058-2131422
E: fnphus@globalxs.nl

   Foarsitters SWH en HB lyts

 

FNP provinsjaal en gemeentlik 

De FNP, oprjochte yn 1962, hat likernôch 1300 leden. It is in groeiende partij yn leden en kiezers. De basis fan de organisaasje leit yn de ôfdielings, dy’t neffens de gemeentlike yndieling organisearre binne. Yn 20 fan de 31 gemeenten yn Fryslân hat de FNP in ôfdieling mei leden, in bestjoer en in fraksje. Mei elkoar binne der 62 riedsleden, 10 wethâlders, 5 steateleden en 1 boargemaster. De FNP hat dêrneist in sosjaal netwurk op de eigen hyves side http://www.fnpfryslan.hyves.nl

 

 

Kommisjes en Steatefraksje
Op provinsjaal nivo hat de partij in haadbestjoer mei in tal kommisjes. Sûnt 2007 is binnen de FNP de FNP-Jongerein aktyf. De jongereinaktiviteiten binne te folgjen op http://www.fnpjongerein.hyves.nl/. It haadbestjoer soarget dat de partij-organisaasje provinsjaal stal krijt en jout stipe oan de ôfdielings. De 5 leden fan de steatefraksje ferwurdzje de politike FNP-stânpunten yn de steaten fan Fryslân. De leden fan de fraksje ha ek sitten yn de ferskate steatekommisjes. De fraksje wurdt bystien troch twa fraksjemeiwurkers.

 

 

FNP yn de Earste Keamer
Sûnt 3 juny 2003 hat de FNP ek sit yn de Earste Keamer. Ald-FNP-foarsitter en -steatelid Hindrik ten Hoeve út Stiens is de fertsjintwurdiger fan de OSF (- de Onafhankelijke Senaatsfraktie - in gearwurkingsferbân fan regionale partijen yn de ferskate provinsjes) yn de Senaat.

 

 

FNP yn Europa

De FNP wurket yn de Europeeske politike partij EFA / Europeeske Frije Alliânsje gear mei oare regionale politike partijen yn Europa lykas de Skotten, de Welshmen en de Katalanen. Under de likernôch 40 Europeeske partners binne ek de Fryske politike partijen yn Dútslân. De EFA hat seis sitten yn it Europeesk Parlemint en foarmet mei De Groenen ien fraksje. De FNP hat as mei-oprjochter in streekrjochte sit yn it bestjoer fan de EFA.

 


Kontakt mei de FNP

Algemiene kontaktgegevens:     Provinsjale kontaktgegevens:      Gemeentlike kontaktgegevens:

Fryske Nasjonale Partij
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034

8900 VB Ljouwert
Tillefoan: 058-2131422
E-post: fnphus@globalxs.nl

FNP Steatefraksje

Provinsjehûs 

Snitsertrekwei 1 

Postbus 20120

8900 HM Ljouwert

Tillefoan 058-2925803
E-post fnp@sis.fryslan.nl

 

De gemeentlike adres gegevens
kinne jo fine op de ôfdielings side.





FNP Fryslan hyves
FNP Jongerein hyves