Frysk
Nederlands
English
FNP
Frysk, grien én sosjaal!
Organisaasje en leden - Nijs

FNP hellet histoarysk ferkiezingsresultaat

Winst yn measte gemeenten, fan 44 nei 52 riedsleden.
FNP grutste yn Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat.


FNP foarsitter Nynke Beetstra neamt yn in earste reaksje de útslach fan de riedsferkiezings 'histoarysk'. De FNP is yn twa gemeenten de grutste wurden en dat is noch net earder foarkaam. De minsken witte wat se oan de FNP hawwe seit Beetstra. Tsjin it lanlik geweld yn hawwe wy hiel goed skoard.

De lokale ferkiezingspunten betelje har no út. Dizze punten binne oars ynbêde yn in breder programmatysk kader. De minsken witte dat de FNP ek as provinsjale partij hiel goed meidocht.

 

It Haadbestjoer fan de FNP betanket alle partijleden en kiezers dy't wer in bealch fol wurk hân hawwe oan dizze ferkiezings.

 

It stribjen wie fan 44 riedssitten oer de 50 hinne te gean en dat is helle. No't de FNP yn Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat sels de grutste partij wurden is sil de FNP de foarstap nimme ta de kolleezjefoarming. Yn oare gemeenten lykas Ferwerderadiel, Achtkarspelen, Dongeradiel en Tytsjerksteradiel is de FNP no twadde partij, wat ek útsjoch jout op wethâldersitten.

 

 al nynke lyts  

FNP foarsitter Nynke Beetstra:

 

' Histoaryske ferkiezingen no't de FNP

yn twa gemeenten de grutste wurden is.'

 

Reaksje? Mail: taalwurkfryslan@hetnet.nl

 


Werom




FNP Fryslan hyves
FNP Jongerein hyves